Plasterk weriepent Planetarium

17 mrt 2008 - 16:15

Minister Plasterk fan kultuer en ûnderwiis hat moandei it fernijde Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer weriepene. It planetarium is útwreide mei it neistlizzende monumintale pand De Tuinkamer. Dêr wennen yn it ferline heechleararen fan de eardere universiteit fan Frjentsjer.

It planetarium hat no mear romte foar it útstallen fan 'e kolleksje en foar hoareka-aktiviteiten. It planetarium hopet 40.000 besikers jiers te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)