Rykstaken Frysk nei provinsje

17 mrt 2008 - 15:10

Alle rykstaken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer moatte oer nei de provinsje Fryslân. Dat advisearret in lanlike kommisje ûnder foarsitterskip fan CDA-topstik Tineke Lodders.

It giet dan om taken op it mêd fan it ûnderwiis yn it Frysk, mar mooglik ek om it Fryske mediabelied. De kommisje wol dat der sa gau as mooglik in stjoergroep ynstallearre wurdt dy't útstellen makket. De provinsje is wiis mei it advys-Lodders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)