Fryske fytsrûtes no ek on-line

17 mrt 2008 - 10:19

Fytsers dy't in fytstocht troch Fryslân meitsje wolle kinne fan dizze wike ôf fytsrûtes fan it ynternet plukke. Tongersdei komt de fytsrûteplanner fan it Fytsersbûn online. Op de detaillearre fytskaart kinne fytsers in begjin- en einpunt ynfiere en sjen hoefier it krekt is.

Dêrneist krije de fytsers ek ynformaasje oer it kaloryferbrûk en hoefolle CO2-útstjit se besparje troch te fytsen en net mei de auto te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)