Twadde feartsjinst nei Skylge

© Omrop Fryslân
Noch foar Oerol moat der in twadde lijntsjinst fan en nei Skylge en Flylân farre. De EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling, hat dêrfoar in katamaran kocht. De boat kin 322 passazjiers yn in oere tiid oersette.
Foardat de katamaran ynset wurdt, moat er earst oanpast wurde. De oankeap en de oanpassings kostje de EVT in pear miljoen euro. De EVT wol ek noch in nije snelboat bouwe litte. Der komt gau in site foar de kaartferkeap.