Botsing mei ambulânse

© Omrop Fryslân
By in oanriding tusken in auto en in sike-auto binne sneintemoarn twa minsken ferwûne rekke. Yn de K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean joech de bestjoerder fan 'e auto foarrang oan in ambulânse dy't mei swaailjocht en sirene foarby kaam.
In twadde ambulânse seach er oer de holle. In oanriding wie it gefolch. De bestjoerder(75) fan de persoane-auto rekke ferwûne, de bestjoerster fan de sike-auto ek.