Rekord foar Beorn Nijenhuis

Beorn Nijenhuis (foto:Martin de Jong)
Reedrider Beorn Nijenhuis hat yn Calgary in Nederlânsk rekord riden op de 1000 meter. Nijenhuis kaam nei 1.07,07 oer de streek. It âlde rekôrd stie op namme fan Gerard van Velde. Dy die der yn 2002 yn Salt Lake City 0,11 langer oer.
Mei syn tiid siet Nijenhuis mar krekt boppe it wrâldrekôrd fan de Fin Pekka Koskela. Dat stiet op 1.07,00. It is in opstekker foar Beorn, want hy hie in frij ûngelokkich reedrydseizoen.