Flyers ferlieze fan Tilburch

16 mrt 2008 - 17:11

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers fan It Hearrenfean hawwe sneintemiddei de tredde wedstryd yn de play-offs ferlern fan Destil Trappers út Tilburch. De perioadestannen wiene 2-0, 0-1 en 0-0. Tilburch hat no twa fan de trije wedstriden wûn.

De folgjende wedstryd yn de play-offs fan de earedivyzje stiet foar kommende sneon op it programma op It Hearrenfean. It giet derom wa't it earst trije wedstriden wûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)