Fernieler Harns oanhâlden
Op de Voorstrjitte yn Harns is sneontenacht in 24-jierrige man út Seisbierrum oanhâlden. De man hie it rút fan in winkel ynsmiten.
De fertochte fersette him by syn oanhâlding en krige dêrby help fan in famyljelid. Uteinlik koe de plysje him yn de boeien slaan en meinimme nei it buro.