Levenmakker Snits oppakt

16 mrt 2008 - 13:44

Yn Snits is sneontenacht in man (24)oanhâlden, omdat er mei syn brommer foar oerlêst soarge. De brommer makke sa'n soad leven dat buertbewenners der wekker fan waarden. Se fregen de man oft er ophâlde woe, mar doe makke er noch mear leven.

Doe't de plysje kaam en mei in tal minsken stie te praten, kaam de Snitser der ek oan. De plysjes stjoerden him yn de hûs, mar dat woe er net. Doe is er meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)