Minder smoargens Lauwersmar

It Lauwersmargebiet: minder rotsoai fûn as yn 2007
Yn it Lauwersmargebiet is sneon 25 kúb oan smoargens ophelle yn it ramt fan de nasjonale himmeldei. Dat is tsien kúb minder as ferline jier. Der waard benammen plastik en pypskom fûn.
Der diene in goeie fjirtich frijwilligers mei. By dy frijwilligers wiene ek meiwurkers fan de jachthavens, in pear jagers en ynwenners fan Lauwerseach.