Flyers winne fan Tilburch

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers ha sneontejûn de stân yn de finalesearje om it kampioenskip fan Nederlân lyk lutsen. Op it eigen iis waarden de Destil Trappers fan Tilburch mei 5-3 ferslein. De perioadestannen: 1-1, 0-0 en 4-2. De earste wedstriid wie ôfrûne woansdei mei 3-0 wûn troch Tilburch.
Sneintemiddei wurdt yn Brabân de tredde westriid spile. De ploech dy't trije kear wint is kampioen.