Rydbewiis ynlevere

15 mrt 2008 - 14:20

De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert it rydbewiis ôfpakt fan twa bestjoerders, omdat se fierstente hurd rieden. Plysjes seagen de auto's riden op de Aldlânsdyk. Se koene de bestjoerders oanhâlde.

It giet om in man en in frou fan 22 jier út Ljouwert. Ut kontrôle die bliken dat beide 111 kilometer yn de oere rieden, wylst se dêr fyftich mochten. Se moasten dêrom har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)