Kazemattemuseum is populêr

15 mrt 2008 - 13:24

In soad ferienings en ynstelling slagje der net yn om frijwilligers te lûken. Mar dat jildt net foar it Kazemattemuseum by Koarnwertersân. Dêr melden har sneontemoarn 27 potinsjele nije frijwilligers en der stean nochris sân op de wachtlist.

It museum dat 13.000 besikers yn it jier lûkt, is dus populêr. De frijwilligers krigen sneon ynformaasje en in rûnlieding troch it museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)