SC Hearrenfean wint fan Grins

14 mrt 2008 - 22:34

SC Hearrenfean hat freedtejûn mei 1-0 wûn fan FC Grins. It wie Miralem Sulejmani dy't Hearrenfean oan de oerwinning holp. De Serviër makke fiif minuten foar tiid it iennichste doelpunt fan de wedstryd út in pass fan ynfaller Paulo Henrique.

Troch de winst giet de Sportclub Hearrenfean FC Grins op de ranglist foarby. SC Hearrenfean stiet no op it fjirde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)