Cambuur ferliest fan Volendam

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn de útwedstryd tsjin Volendam mei 3-0 ferlern. Jack Tuyp wie de grutte man by de thúsploech. Hy skoarde alle trije doelpunten.
Cambuur ferlear spiler Rick Hooijboer troch in blessuere oan syn foet. Dy seach der sa slim út dat hy nei it sikehûs moast foar ûndersyk. It is net bekend wat him krekt mankearde. Cambuur stiet no 17de mei 32 punten út 33 wedstriden.