Ald-fuotballer foar rjochter

© Omrop Fryslân
Ald-proffuotballer Romano S. (36) moat him tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert ferantwurdzje. Hy soe mei in stellen pinpas sântûzen euro opnommen ha. S. spile betelle fuotbal foar ûnder oare FC Grins, Ajax en de Spaanske club Santiago de Compostela.
It Iepenbier Ministearje fertinkt him derfan dat er tusken 18 septimber en 4 oktober 2006 yn Drachten, Assen en Grins sântûzen euro opnommen hat mei in stellen pinpas.