'Mear stipe foar Koornbeurs'

14 mrt 2008 - 16:29

Om teater de Koornbeurs yn Frjentsjer yn de takomst sûn te hâlden moat it tal foarstellings werom fan 90 nei 70 yn it jier. Fierder moatte de ynkomsten út de ferhier omheech en moat it teater gearwurkje mei oare teaters yn Fryslân. Dat advisearret de kommisje dy't de gemeente ynsteld hat.

It teater moat wol mear subsydzje krije om in goeie trochstart te meitsjen. De gemeenteried praat nije wike tongersdei oer de Koornbeurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)