Militêren Uruzgan net ferfolge

De yn jannewaris omkommen korporaal Aldert Poortema yn Afganistan
De Nederlanske militêren dy't yn jannewaris yn Afganistan belutsen wiene by it dealik fjoergefjocht mei ûnder oare korporaal Aldert Poortema fan Drylts wurde net ferfolge.
Poortema (22) en soldaat Schols (20) út Assen kamen om it libben troch saneamd 'friendly fire'. Undersyk hat útwiisd dat der gjin sprake wie fan ferwytber gedrach. De oarsaak wie miskommunikaasje oer de lokaasje dêr't op sketten wurde moast.