Nije minsken kazemattemuseum

14 mrt 2008 - 14:26

It kazemattemuseum yn Koarnwertersân krijt sneon 26 nije frijwilligers te gast. Der steane ek noch sân op in wachtlist. It museum krijt hieltiid mear besikers en hat sadwaande mear minsken noadich om rûnliedings te jaan en it museum te ûnderhâlden.

It bestjoer hie in oprop dien foar nije frijwilligers, mar net ferwachte dat der sa'n soad reaksjes komme soene. De nije minsken krije sneon te hearren wat it wurk ynhâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)