6 nominaasjes reklamepriis

Femke Halsema is nominearre foar de Fryske Reklamepriis
De sjuery fan de Fryske Reklamepriis 2008 hat trije tv-kommersjals en trije radiospotsjes nominearre. 'Jou lûd, stim 7 maart', 'Jo fine it yn de Gouden Gids' en de 'kwaliteitsbêden' waarden nominearre foar de tv-priis
Foar de radio waard Femke Halsema nominearre foar har GrienLinks-spotsje en fierder 'de nijste katalogus' fan de Dokkumer Vlaggencentrale en de kampanje 'No yn de winkel' oer it boekje oer de Fryske Wâlden.