Eilân-bus 'bêste fan Nederlân'

14 mrt 2008 - 10:23

It iepenbier ferfier fan Arriva en Taxi Centrale Renesse op de Fryske Waadeilannen is op 'e nij útroppen ta it bêste fan Nederlân. Ferline jier wie dat ek it gefal. Yn it klanttefredenheidsûndersyk fan it ryk krige it eilân-ferfier in 8.4.

It skoarde dêrmei 0,2 punt heger as de feartsjinst Rotterdam-Dordrecht. 70.000 reizgers diene oan it ûndersyk mei. Hjirby waard sjoen nei de priis, de reistiid en de feiligens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)