Wrâldrekords Marrit Leenstra

Sukses foar Marrit Leenstra yn Calgary (foto Martin de Jong)
Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel hat by wedstriden yn it Kanadeeske Calgary twa junioarewrâldrekords ferbettere. Op de 1.500 meter skerpe se har eigen rekord oan. Se kaam út op in tiid fan 1.55,14. It âlde wrâldrekord stie op 1.56,46.
Fierder ried Leenstra op de 1.000 meter it rekord fan Laurine van Riessen út de boeken. Se ried 1.15,41. It âlde rekord stie op 1.15,53.