Ryk: Djip mjitte net sinfol

Gaswinning yn de Waadsee mei de boaiem net te bot fersakje litte
It kabinet wol net op de djipste punten yn de Waadsee ûndersyk dwaan nei de effekten fan gaswinning op de boaiemdelgong. Fan it regear mei der gas út de Waadsee oppompt wurde, as de boaiem mar net te hurd fersakket.
In adfyskommisje seit dat der op de djipste punten yn see mjitten wurde moat, om te sjen hoe't it dêr mei de boaiem giet. Mar de ministers Van der Hoeven en Verburg fine dat net sinfol, skriuwe se oan de Twadde Keamer.