'Genôch romte foar winkels'
De realisaasje fan in mega-winkelsone oan de súdkant fan Ljouwert is flechtgedrach fan it gemeentebestjoer. Dat sizze alteast de Ljouwerter ûndernimmers. Dy ha hurde krityk op plannen foar in winkelgebiet fan 40.000 kante meter by de Werpsterhoeke.
Der is genôch romte foar mega-supermerken yn de stêd sels, sizze de ûndernimmers.