Wurk oan Slingepark wer los

13 mrt 2008 - 16:21

It wurk oan it Slingepark yn Drachten giet nije wike wer fierder. Ein ferline jier hat de gemeente Smellingerlân it wurk stillein, om't de oannimmer ôfspraken net neikaam. It bedriuw Grontmij sil it no ôfmeitsje.

De gemeente wol fan it Slingepark in iepen stedspark meitsje, mei fyts- en kuierpaden en rekreaasjefoarsjennings. Ein maaie moat Grontmij it wurk klear hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)