Omkearde staking by FIB

13 mrt 2008 - 15:04

Fakbûn FNV_Bondgenoten hat sa'n santich wurknimmers fan metaalbedriuw FIB yn Ljouwert oproppen ta in omkearde staking. It is de bedoeling dat de meiwurkers oare wike tongersdei foaral wól oan it wurk gean.

De direksje hie de minsken witte litten dat se dy dei net nedich binne, omdat der dan minder te dwaan is. Omdat it no pas meidield is, komt FNV_Bondgenoten yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)