'Achtkarspelen praat Frysk'

13 mrt 2008 - 14:34

De gemeente Achtkarspelen docht mei oan de kampanje Praat_Mar_Frysk fan de Afûk. Mei ûnder oare posters en in praatpeal wol de gemeente de ynwenners mear bewust meitsje fan it Frysk. Minsken wurde op ferskate wizen útnoege Frysk te praten. Neist it gemeentehûs bart dat foaral by eveneminten yn de gemeente.

Achtkarspelen is nei Tytsjerksteradiel en Ljouwert de tredde gemeente dy't meidocht oan de kampanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)