Mei 253 km oer de Ofslútdyk

De teller stie pas stil by 253 kilometer yn 'e oere....
De plysje hat tongersdeitemoarn op de Ofslútdyk in Deenske automobilist oanhâlden, omdat de man fierstente hurd ried. De snelheidsduvel ried 253 kilometer yn 'e oere, wylst op de Ofslútdyk 120 km tastien is. De plysje hie muoite om de man by te hâlden.
Yn oerlis mei de offisier fan justysje moast de man fuortendaliks in boete fan 1500 euro betelje. As de Deen in Nederlanner west hie, dan hie de plysje de auto yn beslach nommen.