Arriva: chipkaart yn iiskast

13 mrt 2008 - 12:23

Ferfiersbedriuw Arriva ynvestearret foarearst net mear yn de OV-chipkaart. Neffens direkteur Anne_Hettinga binne der noch tefolle fragen oer de ekstra kosten en wa't dy op him nimme moat.

It nije elektroanyske ferfiersbewiis dat de papieren strippekaart ferfange moat, wurdt djoerder fanwege problemen. De OV-chipkaart is al in pear kear kreake. Dêrom moat it paske ekstra befeilige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)