Plysjeminsken ûntefreden

Moannenlang hawwe de plysjes aksjefierd foar in bettere cao
Echt tefreden binne ek Fryske plysjeminsken net, mar dochs leit der tongersdei mooglik in nije cao. Neffens Henk_Hartgers fan de Fryske ôfdieling fan it plysjefakbûn NPB sit in better resultaat der net yn. Nije en hurdere aksjes hawwe om dy reden net safolle doel mear, tinkt Hartgers.
In soad plysjeminsken binne noch net tefreden oer de útkomst. Guon hawwe it lidmaatskip fan it fakbûn opsein.