Dammer Kolk nei EK Ruslân

Gerlof Kolk docht mei oan it EK yn Ruslân
Dammer Gerlof_Kolk út Ljouwert docht de kommende dagen mei oan de European_Confederation_Cup yn it Russyske Pavlovsk. Dat is in soart Europeesk kampioenskip, mar dan mei in frije ynskriuwing. Pleatsing yn it foar om meidwaan te meien is net needsaaklik.
Kolk makket diel út fan in team fan fjouwer dammers, dat troch it Keninklik Nederlânsk Dambûn foar it toernoai frege is.