Op tal fan plakken earste aai

Rûnom yn de provinsje wurde ljipaaien fûn
Haije_Veenstra fan Eastermar hat woansdeitemiddei de earste trije ljipaaien fan de gemeente fûn. Veenstra fûn it trijke tsjin fiven by Wâlterswâld.
Yn Gaasterlân-Sleat waard woansdeitemiddei it earste ljipaai fûn troch Gelke_Broersma út Koudum en Johannes_van_der Wal út Balk. Sy fûnen it aai om healwei twa-en by Aldegea. Letter fûn it duo by Koudum ek it earste aai fan Nijefurd.