Speerstra is mastercoach

De turners krije no ek goede mentale begelieding
Turntrainer Gerard_Speerstra fan It Hearrenfean is beneamd ta mastercoach fan NOC/NSF. Hy hat de heechste trainersoplieding fan Nederlân folbrocht. Speerstra is de twadde turntrainer dy't dy titel krigen hat. Frank_Louter fan Zoetermeer is de oare Mastercoach.
De trainers binne spesjalisearre yn de mentale begelieding fan sporters. De oplieding is allinnich foar trainers dy't op wrâld- en Olympysk nivo wurkje.