Artemis leit dêr't er leit

12 mrt 2008 - 21:32

Foar de tredde kear is it woansdei net slagge it Nederlânske skip Artemis flot te lûken. De coaster út Snits leit sûnt moandei op it strân fan Les_Sables_d'Olonne yn Frankryk. It flotlûken is no oant trije kear ta mislearre trochdat de sleepkabel tusken it skip en in sleepboat knapte. De Artemis is dêrom gjin sintimeter opskood.

De minsken fan de rederij tinke tongersdei nei oer fierdere aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)