Asbest Snits opromme

12 mrt 2008 - 20:53

De gemeente Snits lit it gebiet tusken de Drylsterkade 106 en 124 skjinmeitsje. Dêrfoar is in stik fan de omjouwing ôfset. In himmelbedriuw sil dêr stikjes asbestsemint opromje dy't by de brân yn in garaazjebedriuw woansdei frijkamen.

It giet om wyt asbest dat skealik wêze kin as it ynazeme wurdt. Dat risiko is der ûnderwilens net mear. Omwenners meie ruten en doarren wer iependwaan. Dêroer hat de buert in brief krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)