Ynfonûmer oer brân Snits

De gemeente Snits hat in spesjaal telefoannûmer iepensteld foar fragen oer de brân oan de Drylsterkade yn Snits. Dêrby baarnden twa loadsen folslein út. It giet om in garaazjebedriuw en in kringloopwinkel. Mooglik is asbest frijkaam by de brân. Mjitploegen sille dat útwize moatte.
It ynformaasjenûmer is 0515 - 585 555 of sjoch op 'e webside fan de gemeente Snits.