Ekstra lang skip nei Drachten

12 mrt 2008 - 17:28

In skip fan 110 meter makke woansdei in proeffeart op de farwei fan Warten nei Drachten. No meie dêr skippen oant 80 meter farre. De ynset fan gruttere skippen leit gefoelich, want de rûte giet troch natuergebiet Alde Feanen.

By de proeffeart binne op ferskate plakken mjittings dien. Der is sjoen oft fûgels lêst hawwe fan de passaazje fan sa'n grut skip. Foar de haven fan Drachten is it geunstich as der gruttere skippen komme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)