Syb Fryslân troch mei nije cd

Syb reizget mei in âlde brânwachtauto troch Fryslân
Syb_van_der Ploeg reizget woansdei mei in âlde brânwachtauto troch Fryslân om syn nije dûbel-cd Hillich_Fjoer/Heilig Vuur rûn te bringen. Dy cd wurdt woansdeitejûn offisjeel presintearre yn poppoadium Romein yn Ljouwert.
De nije plaat liket Syb syn comeback te wurden. De eardere leadsjonger fan De_Kast hat al in_protte súkses mei de single 'Als ik jou zie/As ik dy sjoch'. Kommissaris Nijpels wie ien fan 'e earsten dy't de nije cd krige.