Stoarm: feartsjinsten oanpast

12 mrt 2008 - 13:37
  • De fearboatterminal yn Harns wie woansdei leech

Troch de hurde wyn hat rederij Doeksen de feartsjinsten nei Flylân en Skylge oanpast. De boaten nei Flylân ferfalle oant woansdeitemiddei trije oere. Dan fart in ekstra boat. De sneltsjinst nei Flylân giet hielendal net.

De sneltsjinst nei Skylge fart noch wol, mar ek op oare tiden. De Koegelwieck set nammentlik om 2 oere ôf. Ek de Esonborg, de boat tusken Esonstêd en Skiermûntseach, fart woansdei net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)