Wiersma nei Fryske damklub

De âld-wrâldkampioen hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier
Topdammer Harm Wiersma fan Goutum spilet takom seizoen foar Damklub Frjentsjer/Wânswert. De âld-wrâldkampioen hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier. Nei 33 jier spilet hy foar it earst wer foar in Fryske klub. Yn 1974 waard hy kampioen mei Damclub Huzum.
Frentsjer/Wânswert is dit wykein promovearre nei de heechste klasse fan Nederlân. Wiersma kaam it ôfrûne seizoen út foar de damklub út Soest.