Noch mear aksjes lytsmetaal

12 mrt 2008 - 10:48

De stakings yn it lytsmetaal geane takom wike fierder. Moandei lizze bedriuwen yn Frjentsjer en Snits it wurk del foar in bettere cao. De ûnderhannelings oer in nije CAO foar it lytsmetaal rûnen jannewaris fêst.

De bûnen freegje ûnder oare in leansferheging fan 3,5 prosint, mar de wurkjouwers fine dat tefolle. Woansdei stake acht bedriuwen yn Ljouwert. De wurknimmers hâldden in tige goed besochte aksjebyienkomst yn Huzum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)