Akkrumer korps kin wer rinne

12 mrt 2008 - 10:20

It korps fan Akkrum rint foar it earst sûnt hast tsien jier wer mei yn de palmpeaske-optocht yn it doarp. Sûnt 1999 wie it korps by de optocht te finen op in karre. Dat waard dien omdat in grut diel fan de leden fan it korps al op leeftyd wie.

Der kin no wer rûn wurde omdat der flink wat jongeren lid wurden binne. De palmpeaske-optocht wurdt op sneon 16 maart hâlden. Der is dan ek in útstalling oer it 100 jier âlde korps.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)