Snits wol Súdwesthoekegemeente

De gemeenteried fan Snits wol Súdwesthoekegemeente
De gemeenteried fan Snits wol fuseare mei Wymbritseradiel, Gaasterlân-Sleat en Nijefurd of mei de folsleine Súdwesthoeke op Lemsterlân nei. Dat wie de útkomst tiisdeitejûn fan de riedsgearkomste oer de weryndieling.
Allinnich de SP wie folslein tsjin de weryndieling. De oare seis fraksjes wiene wol foar in nije Súdwesthoekegemeente. Yn april sil de Snitser ried in definityf beslút nimme oer weryndieling.