Artemis noch hieltyd op strân

12 mrt 2008 - 07:37

It is net slagge it Snitser frachtskip Artemis los te lûken fan it strân yn Frankryk. Dat soe woansdeitemoarn wer besocht wurde, mar it wetter kaam net heech genôch.

Jûns wurdt noch ien kear besocht it skip fan it strân te krijen. Slagget dat net dan wol de boargemaster fan Les Sables d'Olonne, dêr't it skip leit, dat de Artemis yn stikken seage wurdt. Hy wol net langer wachtsje op in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)