Kâns op stoarm en wynstjitten

12 mrt 2008 - 07:10
  • Diel boaten nei eilannen ferfalt

Woansdei krijt it Waadgebiet te krijen mei in Westerstoarm. Benammen de eilannen Teksel en Flylân krije dêr lêst fan. Mear de provinsje yn stiet der in stoarmige wyn.

Omdat der yn de rin fan de dei buien mei swiere wynstjitten folgje, warskôgje sawol Piet Paulusma as it KNMI net mei in karre achter de auto de dyk op te gean. Ek kin it sicht yn dizze buien hiel min wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)