Rûte Keninginnedei ferkend

© Omrop Fryslân
Mei in bus fan de provinsje is tiisdei de rûte ferkend dy't keninginne Beatrix op 30 april folget yn Fryslân. De keninginne docht dy dei Makkum en Frjentsjer oan. Sjoen is oft de bus troch dy plakken kin, ek as dy diels ôfset binne mei stekken. Dêrby is ek rekken hâlden mei it sicht fan publyk.
Oanslutend op de rûte mei de provinsjale bus hat in buske fan it keningshûs de rûte riden. Dêrby is sjoen nei de feiligens ûnderweis.