Trije auto's op elkoar

Op de krusing fan de Saturnuswei en de Icaruswei, op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert, is tiisdeitemiddei ien persoan licht ferwûne rekke by in oanriding.
By de oanriding wiene trije persoane- auto's belutsen. De plysje en de ambulânse binne oproppen om help te ferlienen. De plysje ûndersiket noch de krekte tadracht fan it ûngelok.