Kitesurfers wolle mear surfe

11 mrt 2008 - 13:30
  • Kitesurfers fine net dat se fûgels steure

Kitesurfers kinne har net fine yn it beslút fan Rykswettersteat om de sport allinne yn juny, july en augustus ta te stean by it Griene Strân op Skylge. Rykswettersteat naam dy maatregel om't kitesurfe yn oare moannen de fûgels yn it gebiet tefolle fersteure soe.

De kitesurfers binne it dêr net mei iens. Se fregen dêrom tiisdei foar de rjochter om it hiele jier troch surfe te meien. De rjochter docht binnen seis wike útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)