Kollumer wenten op ynternet

De - as it goed is - enerzjyneutrale 'Wêrom-wenten'
Alle ynformaasje oer de twa enerzjyneutrale wenten oan de Wirden yn Kollum is fan tiisdei ôf te finen op ynternet. Fia de webside kin ek in besichtiging oanfrege wurde. It enerzjyferbrûk fan de wenten is op jierbasis nul. Se brûke likefolle enerzjy as der levere wurdt oan it net. Dat bart bygelyks mei in waarmtepomp en sinnepanelen.
De gemeente Kollumerlân sjocht yn sokke ekologyske wenten de takomst.