Snitser frachtskip noch fêst

11 mrt 2008 - 11:07

Tiisdei om 18.00 oere wurdt opnij besocht om it frachtskip Artemis út Snits fan it strân by Frankryk te krijen. It skip rûn moandei oan de grûn op it strân by de stêd Les Sables d'Olonne. Oan board wiene seis bemanningsleden. Dy binne rêden.

Oan it skip wurde linen fêstmakke en fierder wurdt besocht in geul te meitsjen. As it heech wetter is, kin it skip mooglik mei help fan in sleper fuorthelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)